CD mei folksferhalen út Achtkarspelen
CD mei folksferhalen út Achtkarspelen
Bûtenpost - Op 25 novimber 2009 is de cd ‘Erfguod fan juster foar hjoed - Folksferhalen út Achtkarspelen’ presintearre yn de botanyske tún ‘De Kruidhof’ yn Bûtenpost. Boargemaster Tjeerd van der Zwan hat it earste eksimplaar fan de cd oerlange oan Sytske van Assen, dosint Frysk fan it Lauwers College yn Bûtenpost.
De gemeente Achtkarspelen hat yn it ramt fan de ‘Cultuurnota 2008-
Mei de cd wol Achtkarspelen har kultureel erfguod sichtber en tagonklik meitsje. Mei it oerlangjen fan it earste eksimplaar is de cd symboalysk trochjûn oan de folgjende generaasje. Alle basisskoallen en skoallen fuortset ûnderwiis yn ‘e gemeente krije in cd tastjoerd.
De ferhalefertellers op de cd binne Hilly Harms, Douwe Kootstra en Mindert Wijnstra. De ferhalen wurde ôfwiksele troch muzyk fan Bennie Huisman (akkordeon) en Arie van Lienen (harmoanika).
Te keap
De cd is ek te keap foar € 7,50 by de boekhannels yn Bûtenpost en Surhústerfean, by VVV Service Shop yn Surhústerfean en Stichting Oud Achtkarspelen.
Bron: Gemeente Achtkarspelen (26-11-2009)