icon-phone arrow icon-search mail pinterest google-plus facebook instagram twitter youtube linkedin

Ferkiezing: doarpsdichter Achtkarspelen

09 apr 2008

Ferkiezing: doarpsdichter Achtkarspelen

 

Bûtenpost - Om it kulturele en literêre libben yn ús gemeente te stimulearjen, wolle wy de kommende twa jier in doarpsdichter beneame. In dichter dy’t yn opdracht fan de gemeente, mar ek op eigen inisjatyf, gedichten skriuwt oer aktuele saken yn Achtkarspelen. De doarpsdichter wennet fansels ek yn de gemeente Achtkarspelen.

Wat freegje wy?

-         De doarpsdichter skriuwt fiif gedichten it jier, wêrfan minimaal trije gedichten yn it Frysk.

-         De doarpsdichter draacht de gedichten foar by spesjale gelegenheden.

Wat biede wy?

-         De titel ‘Doarpsdichter Achtkarspelen’ foar in perioade fan twa jier.

-         In fergoeding fan € 125,00 it gedicht (mei in maksimum fan € 625,00 it jier).

-         It pleatsen fan de gedichten op de webside fan de gemeente en op de ynfopagina yn De Feanster.

-         Utjefte fan in eigen gedichtebondel nei ôfrin fan jo perioade as doarpsdichter.

Hoe giet de ferkiezing yn syn wurk?

In sjuery fan trije persoanen sil de gedichten beoardiele. Ut de ynsendings kiest de sjuery in oantal kandidaten dy’t yn in iepenbiere ferkiezing eigen gedichten foardrage sil.

Hoe dogge jo mei?
Skriuw twa gedichten, wêrfan:

-         ien yn it Frysk en ien yn it Nederlânsk;

-         ien oer it tema ‘doarp’ en in frij gedicht.

Stjoer jo gedichten foar 6 maaie 2008 nei Durkje Verbeek, ôfdieling Samenleving, fia e-mail: d.verbeek@achtkarspelen.nl. Graach mei oanjaan fan jo namme, adres, wenplak en tillefoannûmer.

 

Bron: Gemeente Achtkarspelen (09-04-2008)

www.achtkarspelen.nl

“Surhuisterveen, zo gezellig is er maar 1! Hier ben ik het helemaal mee eens. Surhuisterveen kent een uitmuntend ondernemersklimaat, veel levendigheid en een comfortabel leefklimaat. Ik onderneem en woon dan ook graag in Surhuisterveen.”

Wieger van der Velde - De Flexibele Makelaar

“Surhuisterveen heeft veel te bieden. Naast een gevarieerd horeca- en winkelaanbod, staat Surhuisterveen ook bekend om topsportevenementen als ‘De Profronde’ en de ‘Centrumcross’.”

Ytzen Borger - Borger Tegels & Sanitair

“Super actieve ondernemers. Leuke activiteiten en plezierige winkelstraat. Ook op andere vlakken een dorp dat leeft.”

Pieter Nicolai - via Facebook