Pieter Weening ambassadeur fan ‘Praat mar Frysk’
Pieter Weening ambassadeur fan ‘Praat mar Frysk’
BÛTENPOST - De 27-jierrige hurdfytser Pieter Weening is ambassadeur wurden fan de Praat mar Frysk-kampanje yn Achtkarspelen. Pieter Weening, dy’t dit jier foar de fjirde kear meidocht oan de Tour de France, sil it byldmerk wêze fan de Praat mar Frysk-kampanje yn de gemeente Achtkarspelen.
Pieter, dy’t út De Harkema komt, sil kampanje fiere mei ferskate ‘Praat mar Frysk’-produkten. Yn it ramt fan dizze kampanje makket de ‘Praat mar Frysk’-peal in toernee troch de gemeente.
Fan healwei july ôf sil de praatpeal op ferskate lokaasjes yn ’e gemeente stean en kin eltsenien dy’t wat sizze wol in boadskip ynsprekke. Troch dielname oan de ‘Praat mar Frysk’-kampanje wol de gemeente Achtkarspelen ynwenners bewust meitsje fan har eigen taal en identiteit en de mearwearde fan meartalichheid.
Bron: NijsNet (03-07-2008)