Sint Maarten rekord yn Surhústerfean
Sint Maarten rekord yn Surhústerfean
Surhústerfean - Sint Maarten komt miskien wol yn it Guinness Book of Rekords. Net mei in rekord tal bern dat by de doarren lâns gie, mar mei it meielkoar sjongen. Yn Surhústerfean waard tiisdei besocht in rekord del te setten om mei in grutte groep bern tagelyk in Sint Maarten ferske te sjongen.
De aksje wie in inisjatyf fan supermerk C1000 Peter de Rijke yn it doarp. In lytse tûzen bern songen mei-elkoar it liet '11-novimber is de dag'.
Bron: Omrop Fryslân (12-11-2008)