icon-phone arrow icon-search mail pinterest google-plus facebook instagram twitter youtube linkedin

Sytse van der Werf earste doarpsdichter

23 mrt 2009

Sytse van der Werf earste doarpsdichter fan Achtkarspelen

 

Bûtenpost - Sytse van der Werf, âld-ynwenner fan Achtkarspelen, is op 20 maart keazen as earste doarpsdichter fan Achtkarspelen. Sân poerbêste kandidaten ha freedtejûn yn it sfearfolle tsjerkje fan Twizel meidien oan de ferkiezing foar de doarpsdichter fan Achtkarspelen.

 

Nei it stimmen op ynternet en yn ‘e tsjerke kamen trije favoriten nei foaren: Adri de Boer, Ate Grypstra en Sytse van der Werf. De sjuery, dy’t bestie út Gerbrig Vreeling, dosint Frysk by de Afûk, Joop Atsma, Twadde Keamerlid en boargemaster Tjeerd van der Zwan, hat úteinlik keazen foar de tagonklike teksten en de alsidigens fan Sytse van der Werf.

 

Om it kulturele en literêre libben yn ús gemeente te stimulearjen hat de gemeente Achtkarspelen in ferkiezing útskreaun foar in doarpsdichter. De doarpsdichter skriuwt minimaal fiif gedichten it jier, wêrfan minimaal trije yn it Frysk. Hy draacht de gedichten foar of sjongt syn lieten by spesjale gelegenheden of eveneminten.

 

Alle gedichten of lietteksten wurde pleatst op de gemeentlike webside en yn De Feanster. De Wâlddichter / Wâldsjonger is oansteld foar twa jier en nei ôfrin fan dizze perioade komt der in dichtbondel mei alle gedichten.

 

Bron: Gemeente Achtkarspelen (23-03-2009)

www.achtkarspelen.nl

“Surhuisterveen, zo gezellig is er maar 1! Hier ben ik het helemaal mee eens. Surhuisterveen kent een uitmuntend ondernemersklimaat, veel levendigheid en een comfortabel leefklimaat. Ik onderneem en woon dan ook graag in Surhuisterveen.”

Wieger van der Velde - De Flexibele Makelaar

“Surhuisterveen heeft veel te bieden. Naast een gevarieerd horeca- en winkelaanbod, staat Surhuisterveen ook bekend om topsportevenementen als ‘De Profronde’ en de ‘Centrumcross’.”

Ytzen Borger - Borger Tegels & Sanitair

“Super actieve ondernemers. Leuke activiteiten en plezierige winkelstraat. Ook op andere vlakken een dorp dat leeft.”

Pieter Nicolai - via Facebook