UNESCO stipet provinsje Fryslân mei taalbelied
UNESCO stipet provinsje Fryslân mei taalbelied
LJOUWERT - It Frysk hat lykas it Welsk en it Baskysk it meast lichte stadium fan bedriging tawiisd krigen, sa docht bliken út de krekt ferskynde Atlas of the World's Languages in Dangerfan UNESCO. UNESCO freget mei de taalatlas omtinken foar it grut taalferskaat en stipet oerheden om goed belied foar de relatyf lytsere talen te fieren.
Jannewietske de Vries: “Dit rapport ûnderstreket it belang fan ús maatregels om de Fryske taal fuort te sterkjen. Mei it regear praat ik oer mear foech oer de Fryske taal by de provinsje. Dat is echt nedich. De Steaten, de folksfertsjintwurdigers, steane ienriedich efter my. It wurdt tiid dat it regear no trochpakt en ik ha goede hoop dat it slagje sil. Gjin panyk dus. De measte Friezen binne grutsk op har eigen taal en kultuer en ha in soad rjochten om de Fryske taal yn it iepenbier te brûken. Ik ha der alle fertrouwen yn dat de befolking dy rjochten hieltyd mear brûke wol, no en yn ‘e takomst. Ik soe tsjin harren sizze wolle: brûk it Frysk ek, mei de oerheden, op skoallen en by winkels. Meartalich ûnderwiis komt it taalgefoel en taalûntwikkeling fan bern te’n goede. Dus ek it Frysk op skoallen. Sa bliuwt in taal, ek ús taal, fuortbestean.”
It ûntwikkeljen en stypjen fan in goed taal- en ûnderwiisbelied is fan essinsjeel belang foar it libben hâlden fan de Fryske taal, sa ornearje de ûndersikers fan UNESCO. “De provinsje stipet Frysktalige lesprogramma’s, twatalige en Frysktalige pjutteboartersplakken, de Praat mar Frysk kampanje, trijetalige basisskoallen, taalbelied by soarch en gemeenten, Fryske sites en programma’s op ynternet en gean sa mar troch.”
De Fryske taal hat yn de provinsje Fryslân in sterke mûnlinge posysje en wurdt troch de measte bern ek praat. Binnen de húshâldings slacht it gebrûk fan Frysk foar master op. De situaasje is krekt ûnfeilich, omdat de Fryske befolking beheind gebrûk makket fan de Fryske taal yn it iepenbiere libben: bygelyks by de rjochtbank, yn it bedriuwslibben en yn kontakten mei oerheden foar safier’t dy it Frysk net aktyf befoarderje. It Frysk wurdt benammen yn ynformele situaasjes brûkt.
Eftergrûnynformaasje
In groep ynternasjonale ûndersikers hat yn opdracht fan UNESCO 2.500 ûnderskate talen ûndersocht en de taalfitaliteit beoardield neffens njoggen faktoaren. It giet dan bygelyks om it absolute oantal sprekkers, taaloerdracht en beskikberens fan edukatyf en literêr materiaal. Yn hoefier’t in taal yn noed is wurdt oanjûn mei de folgjende gradaasjes:
(1) útstoarn,
(2) tige slim bedrige
(3) slim bedrige
(4) bedrige
(5) ûnfeilich en
(6) feilich
De hear T. de Graaf, ûndersiker by de Fryske Akademy, hat yn opdracht fan UNESCO diel útmakke fan de kommisje fan ûndersikers.
Mei de taalnota 2008-2010 ‘Fan rjocht nei praktyk: Frysk yn Fryslân, taal tusken minsken’ noeget de provinsje de boargers út de Fryske taal safolle as mooglik te brûken. De klam wurdt jûn op taaloerdracht en it fergrutsjen fan de sichtberheid. Bedriuwen, organisaasjes en minsken kinne gebrûk meitsje fan de regeling taalnota om de Fryske taal op har eigen, kreative wize sichtber te meitsjen.
De taalatlas fan UNESCO kin rieplachte wurde op de webside (Engels) fan UNESCO.
Bron: Provinsje Fryslân (11-03-2009)
www.fryslan.nl